nei it mearke fan 2008
Op woansdei 26 novimber 2008 wiene de bêrn fan de groepen 3 oant en mei 8 nei Terherne.
Foar de 29ste kear waard dêr in sinteklaze-mearke opfierd. Dizze kear wie dat 'Fjurkestoke' fan Atze G. Stoker.
De reis dêrhinne, mei safolle minsken, wie al in feest.
We wiene goed op 'e tiid, de doar wie noch ticht.
Juf Boukje iepene it stik en Jan sjocht har ferbjustere oan.
De moolner en syn frou sjogge it dreech yn mei al 'e droechte.
De Reade Hoanne lit him foar it earst sjen.
It rikket, soe der brân wêze? Jan sjocht it yn elts gefal net sitten dat Doekele en Durk fjurkestoke wolle.
En at se dat dochs dogge, komme de fjoerwyfkes!
Wa't in fjoermantsje wurde wol, kriget in kaam op 'e holle, mar dat wol dochs gjin ien ?!
En dan moatte se ek noch oan de balge, en se krije in echt fjoermantsje-pak.
De Reade Hoanne lit de fjoerwyfkes it foer bringe. De brander tinkt dat 'r in goede brânwachter is.
Brander, sis mar Brand, giet dochs efkes sliepen. Jan en Wytse betinke wat se no noch dwaan kinne om de Reade Hoanne te ferslaan. Oant no ta is alles mislearre.
Lokkich foar ús allegear hat Jan in sipel. Dy hâld hy ûnder de noas fan de hoanne en dy moat dan sa gûle, dat it triennen reint. Sa wie eltsenien wer bliid.
En dat wie it dan wer, it mearke fan 2008.